Tomke
Tomke is in projekt dat âlden en liedsters fan pjutten ynformearje wol oer it belang fan foarlêzen yn relaasje ta de taalûntjouwing fan bern fan 2 oant 5 jier.
Al fyftjin jier jout it Tomke-projekt omtinken oan it ûntwikkeljen en stimulearjen fan it brûken fan de Fryske taal troch boekjes, tv-útstjoerings, foarstellings, ensfh.
Tagelyk is der ek ynformaasje foar de liedsters om mear begryp foar it brûken fan en oandacht foar twa- en meartaligens te stimulearjen.
It projekt, dat alle jierren in oar tema hat, begûn dan ek mei 'Foarlêze yn eigen taal' (1997). Mear ynformaasje oer bygelyks it ûntstean fan it projekt en in oersjoch fan de tema's fine jo op Tomke.nl. Op 'e hichte bliuwe fan it lêste Tomke nijs? Wurd lid fan de Tomke-fanpage op Facebook!
Mear ynformaasje? Nim kontakt op mei Carolien Hoekstra: c.hoekstra@afuk.nl


