Skriftlike kursussen

Wannear't jo net yn 'e gelegenheid binne om in kursus yn groepsferbân te folgjen kinne jo dat skriftlik dwaan. Jo kinne begjinne wannear't jo dat útkomt en de lessen yn jo eigen tempo útwurkje. Jo sjogge de lessen sels nei mei help fan de hantlieding dy’t by de learmiddels sit. Hawwe jo fragen, dan kinne jo kontakt opnimme mei de dosint dy't jo begeliedt. Jo kinne maksimaal twa jier oer de kursus dwaan.

De neikommende kursussen binne as skriftlike kursus te folgjen:

SkriuwmarFrysk - module 1
SkriuwmarFrysk - module 2
Leargong B
Leargong C
Basiscursus Fries verstaan en lezen

Online leare mei eduFrysk is fansels ek in mooglikheid. Foar mear ynformaasje oer eduFrysk.nl sjogge jo by it 'oersjoch kursussen' of op www.edufrysk.nl

De betelpagina wurdt laden