Wy sykje in nij lid foar de RfT
'Rede foar de geast' én nij magazine oer taal yn ’e soarch
De Afûk BoekeTip10 fan maart

Nijs

Nij ferskynd by Utjouwerij Afûk: ‘Ik wol in bosk op ’e jierdei’

In fleurich printeboek oer de magy fan beammen en dreamen dy’t útkomme. ‘Ik wol in bosk op ’e jierdei’ is in betsjoenend printeboek fan auteur en yllustrator Linda de Haan. Linda waard ynspirearre troch it projekt BOSK yn Ljouwert, wêrby’t mear as 1000 beammen in rûte troch de binnenstêd ‘kuieren’.

Earste Rede foar de geast én presintaasje magazine oer taal yn ’e soarch

Yn de earste ‘Rede foar de geast’, dy’t sneintemiddei 24 maart troch Kommissaris fan de Kening Arno Brok útsprutsen waard, pleite hy foar normalisearring fan it gebrûk fan it Frysk yn alderhande situaasjes, ek binnen de sûnenssoarch. Dat is neffens him fan grut belang foar it befoarderjen fan de mentale sûnens fan de ynwenners fan […]

It ‘fergetten wurd’ fan tongersdei 21 maart is ‘Manneboet’

Alle moannen besprekt Mirjam Vellinga in bysûnder of fergetten Frysk wurd op Omrop Fryslân Radio yn it programma ‘Goeiemiddei’ mei Johan Terpstra en Diana de Groot. Hjoed wie it de beurt oan it wurd: ‘manneboet’.

Nij ferskynd by Utjouwerij Afûk: it Meslânzer Woardeboek

Neidat der moai wat jierren oan wurke wie, kaam dan einliks de dei dat der in wurdboek fan it dialekt fan Midslân op Skylge presintearre wurde koe, en dat wie op tongersdei 14 maart yn kafee “Het Wapen van Terschelling” yn Meslâns, sa’t Midslân lokaal neamd wurdt.

De Afûkside fan sneon 16 maart 2024

Spesjaal foar de Nationale Boekenweek, dit kear op de tredde sneon fan de moanne yn de Leeuwarder Courant én it Friesch Dagblad: de Afûk-side. De moanlikse side is dit kear gearstald troch Boeken fan Fryslân en stie fol mei û.o. de moaiste boeketips foar de Boekenweek en ynformaasje oer it Fryske Boekenweekgeschenk.

Nasjonaal Boekewikegeskink fan famylje Chabot ek yn it Frysk

It nasjonale Boekewikegeskink ferskynt ek dit jier wer yn it Frysk. De Fryske oersetting, mei de titel ‘Gesinsferpakking’, is makke troch Ytsje Steen.

Bliuw op de hichte Meld jo oan foar de Afûk nijsbrief

Populêr

Korreksje- en oersethelp

Kinne wy dy helpe?

Bedriuwsfideo’s

Frysk foar bedriuwen

Praat mar Frysk giet gauris op ‘e kofje by bedriuwen dy’t it Frysk brûke. Wat smyt dat harren op? Besjoch de ûnderfiningen fan kollega-ûndernimmers op de webside fan Praat mar Frysk. Sels ek in Praat mar Frysk-bedriuwsfideo? Stjoer dan in mailtsje.

Boeken fan Fryslân | Foar útjouwers, skriuwers, lêzers en boekferkeapers

Boeken fan Fryslân

Boeken fan Fryslân is dé organisaasje foar de promoasje fan it Fryske boek.