In fleurich printeboek oer de magy fan beammen en dreamen dy’t útkomme. ‘Ik wol in bosk op ’e jierdei’ is in betsjoenend printeboek fan auteur en yllustrator Linda de Haan. Linda waard ynspirearre troch it projekt BOSK yn Ljouwert, wêrby’t mear as 1000 beammen in rûte troch de binnenstêd ‘kuieren’.
Yn de earste ‘Rede foar de geast’, dy’t sneintemiddei 24 maart troch Kommissaris fan de Kening Arno Brok útsprutsen waard, pleite hy foar normalisearring fan it gebrûk fan it Frysk yn alderhande situaasjes, ek binnen de sûnenssoarch. Dat is neffens him fan grut belang foar it befoarderjen fan de mentale sûnens fan de ynwenners fan […]
Alle moannen besprekt Mirjam Vellinga in bysûnder of fergetten Frysk wurd op Omrop Fryslân Radio yn it programma ‘Goeiemiddei’ mei Johan Terpstra en Diana de Groot. Hjoed wie it de beurt oan it wurd: ‘manneboet’.
Neidat der moai wat jierren oan wurke wie, kaam dan einliks de dei dat der in wurdboek fan it dialekt fan Midslân op Skylge presintearre wurde koe, en dat wie op tongersdei 14 maart yn kafee “Het Wapen van Terschelling” yn Meslâns, sa’t Midslân lokaal neamd wurdt.
Spesjaal foar de Nationale Boekenweek, dit kear op de tredde sneon fan de moanne yn de Leeuwarder Courant én it Friesch Dagblad: de Afûk-side. De moanlikse side is dit kear gearstald troch Boeken fan Fryslân en stie fol mei û.o. de moaiste boeketips foar de Boekenweek en ynformaasje oer it Fryske Boekenweekgeschenk.
It nasjonale Boekewikegeskink ferskynt ek dit jier wer yn it Frysk. De Fryske oersetting, mei de titel ‘Gesinsferpakking’, is makke troch Ytsje Steen.
Ast net yn de gelegenheid bist om in groepskursus te folgjen, is it ek mooglik om in selsstúdzje te dwaan. Kinst begjinne as it dy útkomt, en de lessen meitsje yn dyn eigen tempo.
Spultsjes foar lyts en grut binne der ek yn it Frysk, sawol digitaal as fysyk.
Boeken fan Fryslân is dé organisaasje foar de promoasje fan it Fryske boek.