Seis Jentsje-boekjes ferskine op ’e nij yn in werprintinge fan 1000 stiks de titel. Al sûnt 1981 jout de Afûk de populêre rige mei Jentsje-boekjes út. Ferskynden der yn 1981 earst trije titels (Jentsje syn bear, Jentsje syn koekje, Jentsje syn auto), de searje waard stadichoan útwreide nei tsien titels. Dêrfan ferskine de seis dy’t […]
Krappe staazjefergoedingen, te min starterswenningen, oprinnende stúdzjeskulden… De jongerein fan no krijt in soad foar de kiezzen. Hoe komt it mei it klimaat? Fyn ik aanst wol in leuke baan? It binne allegear fragen dêr’tst goed oer yn petear kinst mei mbû-studinten. Dat bart ek by Firda. Mar wat wol de jongerein, as sy séls […]
Ofrûne moandei 8 april en tongersdei 11 april krigen ‘De Klimstien’ yn Noardburgum (Tytsjerksteradiel) en ‘De Lichtbron’ yn Bûtenpost (Achtkarspelen) út hannen fan wethâlder Tytsy Willemsma fan Tytsjerksteradiel, wethâlder Tjibbe Brinkman fan Achtkarspelen en Tialda Hoogeveen, Berneboeke-ambassadeur fan Fryslân, in earste Lêskiste mei Fryske berneboeken kado. Yn de kommende wiken krije alle skoallen yn beide […]
It Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen, Afûk en it European Centre for Minority Issues (ECMI) yn it Dútske Flensburg sille in grutskalich ûndersyk yn Fryslân útfiere nei taaloerdracht binnen jonge gesinnen. De Provinsje Fryslân hat in subsydzje takend oan it projekt ‘The intergenerational transmission of West Frisian: promoting multilingual child-rearing and supporting (future) […]
De kommende fiif jier ynvestearje it Ryk en de provinsje Fryslân folop yn de Fryske taal. De ôfspraken binne fêstlein yn de Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer (BFTK) dy’t moandei 8 april ûndertekene is troch minister Hugo de Jonge fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes en Kommissaris fan de Kening yn Fryslân Arno Brok. It Ryk […]
Ofrûne freed 5 april gie de earste Sutelaksje fan dit jier fan start yn Itens, Rien, Lytsewierrum en Hinaard. Doarpskrante ‘Diggelfjoer’ organisearre tegearre mei Boeken fan Fryslân in Sutelaksje yn de fjouwer doarpen. En net sûnder sukses!
Dat wie doe sa wurket gear mei soarchoanbieders om soarchfregers te stimulearjen om yn soarchsituaasjes de eigen taal te brûken. Dat kin troch de oanbelangjende taal sichtber te meitsjen op de soarchlokaasje mei bygelyks posters en buttons, mar ek troch it oanbieden fan workshops oan de fersoargjenden.
Wolst it Frysk ferstean, lêzen, praten of skriuwen leare? Of wolst mear witte oer Fryske literatuer of skiednis? Dan bist by de Afûk oan it goede adres. Al mear as 90 jier fersoarget de Afûk kursussen Frysk foar Frysktaligen en net-Frysktaligen, foar jong en âld, yn groepsferbân of online. Wy ha altyd in kursus dy’t […]
Boeken fan Fryslân is dé organisaasje foar de promoasje fan it Fryske boek.