Alle moannen besprekt Mirjam Vellinga in bysûnder of fergetten Frysk wurd op Omrop Fryslân Radio yn it programma ‘Goeiemiddei’ mei Johan Terpstra en Diana de Groot. Hjoed wie it de beurt oan it wurd: ‘petiele’.
It provinsjebestjoer fan Fryslân set mei de Fryske Taalnota de kommende fjouwer jier yn op mear Frysktalige kommunikaasje. De provinsje wol it skriuwen fan nije Fryske boeken stimulearje, in begjin meitsje mei twatalige ferkearsbuorden en Fryske kommunikaasje fanút de oerheid moat de noarm wurde.
Marije Buma fan de Master Frankeskoalle út Earnewâld kin it bêste Frysk skriuwe fan alle basisskoallebern yn Fryslân. Mei 6 flaters wie se tiisdei 14 maaie de winner fan it Lyts Frysk Diktee yn it provinsjehûs. Ferline jier wûn se it ek al. Twadde waard Annarixt Weststeijn fan de Doarpsskoalle út Nij Beets mei 9 […]
It wie moandei 6 maaie in feestlike dei foar Riemkje Pitstra, skriuwster fan de Tomke-ferhaaltsjes. Hjoed fierde sy har 80e jierdei. Riemkje waard ferrast troch in prachtich berne-oargel mei echt bewegende poppen, dat spesjaal foar it Tomke-projekt makke is troch Tomke-tekener Luuk Klazenga en syn broer. Klazenga hie spesjaal foar Riemkje ek in prachtige poster […]
Op tongersdei 2 maaie is de Fryske webside fan Soarchgroep Hof en Hiem lansearre. De ôfrune tiid is der hurd wurke om dat foar mekoar te krijen. De Fryske webside is realisearre mei help fan de Afûk. De soarchgroep begûn it inisjatyf om’t se it stypjen fan it Fryske taalgebrûk yn ‘e regio tige wichtig […]
Al sûnt 1993 siket de lytse mol nei de dieder dy’t him presys op ‘e kop skiten hat. Op syn tocht fynt er út watfoar keutels de ferskate bisten produsearje: “Ik doch it sa!’ sei it hynder en ROMMERDEBOM, dêr rôlen fiif grutte, dikke hynstefigen flak foar de lytse mol lâns. Hy wie djip ûnder […]
Neist Frysk en Nederlânsk wurde yn ‘e provinsje Fryslân ek ferskate net-Fryske streektalen sprutsen, dy’t yndield wurde kinne yn twa kategoryen. Yn it foarste plak binne der de Nedersaksyske dialekten, dy’t lânseigen binne yn ‘e súdeastlike râne fan ‘e provinsje.
Dat wie doe sa wurket gear mei soarchoanbieders om soarchfregers te stimulearjen om yn soarchsituaasjes de eigen taal te brûken. Dat kin troch de oanbelangjende taal sichtber te meitsjen op de soarchlokaasje mei bygelyks posters en buttons, mar ek troch it oanbieden fan workshops oan de fersoargjenden.