O O O O

Sânglêsrige

De Tomkewurkgroep hat foar pjutteplakken en bernedeiferbliuwen de Sânglêsrige ûntwikkele. De rige bestiet út temakaterns foar bern fan 2-5 jier.

De programma’s wolle de totale ûntwikkeling fan jonge bern stimulearje. Se hawwe net allinne omtinken foar de taalûntjouwing, mar foar alle ûntwikkelingsgebieten fan de bern. Dus bygelyks ek foar it kreative, it sosjale, it emosjonele, it boartsjen en de motoryk.

De earste rige bestiet út tsien temaboekjes. By elk tema is bypassend materiaal makke. De ûnderwerpen passe ek by de tema’s dy’t de liedsters brûke by it Hollânsk.

De tsien tema’s binne: Klean; Hjerst; Desimber; Maitiid; Om Hûs; Myn Lichem; Nij op Skoalle; Wetter; Ferkear en De Winkel.

De trije nije tema's binne: Dat is sûn, groeie en feest (sûnder materialen). Dizze temakaterns binne as set te bestellen foar €25,00 euro en dêr komt €2,20 euro ferstjoerkosten de set by.

De totale Sânglêsrige mei alle 13 temakaterns en materialen kostet € 145,-, (dat is de priis ynklusyf de trije nije temakaterns)

De trije nije temakaterns bestelle? Stjoer dan in mail û.f.f.: 'Trije nije tema's Sânglêsrige' nei: l.kuiper@afuk.nl. De temakaterns wurde lykas de rekken tastjoerd.

Hat jim bernesintra de oare katerns en materialen fan de Sânglêsrige noch net en wolle jim dy bestelle of dêroer graach wat mear ynformaasje? Stjoer dan in mail û.f.f.: 'Sânglêsrige' nei: l.kuiper@afuk.nl.

De betelpagina wurdt laden