Stofsûgersjongers/stofzuigerzangers
2 maaie 2013Tongersdeitejûn 2 maaie presintearret Tsead Bruinja syn twatalige bondel Stofsûgersjongers/stofzuigerzangers mei etsen fan Mirka Farabegoli en muzyk fan Femke IJlstra by Perdu yn Amsterdam. Fierders is hy moandeitejûn 6 maaie by de VPRO Radio te belústerjen en tiisdeitejûn 7 maaie te gast by it VPRO radioprogramma De Avonden.
de Moanne nr. 2: spesjal oer de Noorder Compagnie
21 maart 2013Hy is der wer, de Moanne. Diskear in special oer toanielselskip de Noorder Compagnie. In prachtich nûmer! No te keap yn 'e boekhannel.
Oprop oan skriuwers en yllustratoaren!
28 febrewaris 2013Foarlêsferhalen frege!
Foarlêzen is foar bern hiel belangryk. It is net allinne gesellich, mar ek fan grut belang foar de ûntwikkeling fan bern. Foarlêzen befoarderet de taal- en lêsfeardigens fan bern.
Wy wolle dan ek graach in moai ferskaat oan foarlêsferhalen yn it Frysk hawwe. Dêrom wol de Afûk in moai Frysk foarlêsboek útjaan foar bern fan 2 o/m 6 jier en wy wolle (benammen ek begjinnende) skriuwers en yllustratoaren freegje om in bydrage yn te stjoeren.
De ferhalen/ferskes en de yllustraasjes wurde selektearre troch in deskundige redaksje. De redaksje dy’t de teksten beoardielje sil bestiet út: Lida Dykstra, Ate Grypstra en Auck Peanstra. De redaksje dy’t de yllustraasjes beoardielje sil bestiet út: Linda de Haan en Yke Reeder.
Auteurs
Wy freegje
- Ferhalen foar pjutten (2 o/m 4 jier), maksimale lingte 600 wurden
- Ferhalen foar beukers (4 o/m 6 jier), maksimale lingte 1000 wurden
- Koarte gedichtsjes of ferskes foar pjutten of kleuters
Hâld rekken mei de doelgroep: brûk koarte sinnen en ienfâldige taal. De bydragen moatte yn it Frysk skreaun wêze.
Yllustratoaren
Yllustratoaren kinne in foarbyld fan har wurk dat geskikt is foar de doelgroep ynstjoere/maile sadat de sjuery in yndruk krije kin. Oan de hân dêrfan sil de sjuery in kar meitsje en wurde yllustratoaren frege om in ferhaal te yllustrearjen. Dat sil heal juny it gefal wêze, de yllustraasjes moatte dan 31 july binnen wêze by de Afûk wêrnei’t de sjuery der noch in kear nei sjen sil.
Wat stiet der tsjinoer?
Skriuwers: € 20,00 de side (gem. sa’n 300 wurden, ferhaal 3 siden € 60,00), Opsisferske € 20,00, Ferske mei muzyk € 40,00. Honoraria yllustrators: €60,00 foar de yllustraasjes by in ferhaal En fansels krijt elkenien dy’t in bydrage leveret dy’t publisearre wurdt in eksimplaar fan it boek.
Ynstjoere
Foar 20 maaie 2013 mei e-mail nei h.vdmeer@afuk.nl of mei de post nei Afûk, Postbus 53, 8900 AB Ljouwert, t.a.f. H. v.d. Meer. De namme, adres, e-mailadres en it telefoannûmer graach fermelde op in aparte side sadat dy ynformaasje net op it wurk stiet. Ynstjoering is gjin garânsje foar publikaasje.
Download hjir de oprop.

Fjouwer dappere mûskes: Frysk printeboek fan it jier!
28 jannewaris 2013De Stichting It Fryske Berneboek hat by de start fan de Nasjonale Foarlêsdagen Fjouwer dappere mûskes fan Gerrit Terpstra en Eppie Dam útroppen ta Frysk Printeboek fan it jier 2013! Fansels te keap yn 'e boekhannel of fia afuk.nl.
Reinier Paping hat 11-Stedenkoorts!
22 jannewaris 2013Ek Reinier Paping, de winner fan de Hel fan '63, hat it te pakken! 11-Stedenkoorts, Fries voor schaatsenrijders. In humoristyk taalboekje mei yllustraasjes fan Geert Gratama. Prachtige frisismen, in fluchkursus Frysk en alles oer de Alvestêdetocht.
Paping krige it boekje oanbean op de reüny fan de tocht fan '63 yn it Reedridersmuseum fan Hylpen.

Nij ferkskynd: dichtbondel fan Simon Oosting
20 desimber 2012Hjoed is by de Afûk de twadde dichtbondel fan Simon Oosting ferskynd: Hûnewacht. Foar syn earste dichtbondel Rauwe fisken op wynfearfwolkens krige Oosting yn 2008 de Fedde Schurer publykspriis útrikt. Mear witte? Klik hjir!
It giet oan!
13 desimber 2012Fan freed 14 desimber ôf oan te krijen by de Afûk en yn de Afûk-webwinkel: 11-Stedenkoorts, Fries voor schaatsenrijders. In humoristysk taalgidske foar reedriders mei tekeningen fan Geart Gratama (bekend fan Mijn vrouw is uitgenaaid).
Wurkje by de Afûk? Wy sykje nije kollega's!
7 desimber 2012Wy binne op syk nei in KURSUSORGANISATOR en in PROJEKTKOORDINATOR/UNDERWIISKUNDIGE. Sollisitearje kin oant 1 jannewaris 2013. Sjoch by 'fakatueres' foar alle ynformaasje oer dizze funksjes.





