header_0

Algemiene ynformaasje

Opjaan foar in kursus
Hawwe jo de kursus dy’t jo dwaan wolle fûn? Dan kinne jo efter it kursusplak dêr’t jo de kursus folgje wolle, kieze foar 'ynskriuwe'. Jo folje de frege gegevens yn en klikke op ‘ynskriuwe’. Jo krije dêrnei de gelegenheid om de gegevens dy’t jo ynfolle hawwe noch te kontrolearjen en eventueel oan te passen. Mei it ferstjoeren fan dy gegevens is jo oanmelding definityf ferwurke en krije jo yn jo mailboks in befêstiging fan dy oanmelding tastjoerd.

Opjaan foar in skriftlike kursus
By in skriftlike kursus en learen fia ynternet begjinne jo wannear’t jo dat sels útkomt. Foar in mûnlinge kursus krije jo likernôch in wike foar de start fan de kursus in útnoeging foar de earste les fan ús tastjoerd. Yn dy útnoeging fine jo alle ynformaasje oer datum, tiid, lokaasje en lesjouwer.

Foar it opjaan foar in skriftlike kursus folgje jo deselde stappen as hjirboppe omskreaun, mar jo kieze dan net foar in kursuplak mar foar 'skriftlik'.

Oanmelde foar eduFrysk
Oanmelde foar eduFrysk.nl dogge jo streekrjocht op de website fan eduFrysk: www.edufrysk.nl.

Kursus yn eigen doarp
De kursussen fan de Afûk kinne ek organisearrre wurde yn jo eigen doarp of stêd. Tegearre mei jo besjogge wy wat in gaadlik oanbod wêze soe en hoe’t dat organisearre wurde kin. Nijsgjirrich? Nim even kontakt mei ús op. Dat kin mei in mail nei Jettina Valk fan de kursusorganisaasje of fia telefoannûmer 058-2343079.

Beteljen
Kursus yn groepsferbân
Foar it beteljen fan it kursusjild krije jo op ’e earste kursusdei in formulier dêr’t de Afûk foar ien kear mei machtige wurdt om it bedrach fan jo rekken ôf te skriuwen. De learmiddels krije jo ek op ’e earste kursusdei. Jo hoege se net yn ’t foar te bestellen.

Skriftlike kursus
By it pakket learmiddels en begeliedend skriuwen/ynstruksje fan de lesjouwer, krije jo in rekken tastjoerd. Sadree't jo betelling by de Afûk binnen kaam is, kinne jo begjinne mei it ynstjoeren fan lessen oan jo dosint.

EduFrysk
Nimme jo in abonnemint op eduFrysk? Dan betelje jo automatysk fia jo eigen bankrekken.

Fragen of oanmerkingen?
Komme jo der net út? Hawwe jo advys nedich of wolle jo oars wat oan ús kwyt? Stjoer dan in mail nei Jettina Valk fan de kursusorganisaasje.

De betelpagina wurdt laden