10% koarting op it kursusjild by oanmelding foar 1 july!
24 maaie 2013Jo tinke de oer om in kursus Frysk te folgjen? Ein septimber sette der wer allerhanne kursussen útein troch de hiele provinsje! Sjoch by 'kursussen'hokker kursus Frysk it bêste by jo past en as jo jo dan foar 1 july oanmelde krije jo 10% koarting op it kursusjild.
Doch mei oan it ûndersyk nei jo lêswinsken yn it Frysk!
2 maaie 2013Wolle jo meidwaan oan it ûndersyk en kâns meitsje op in fergees eksimplaar fan ‘Mijn vrouw is uitgenaaid’? Klik dan hjir of typ it neikommende webadres yn de adresbalke fan jo ynternetbrowser en folje de enkête yn: thesistools.com/web/?id=342062.
Parseberjocht - Afûk jout opdracht foar ûndersyk nei lêswinsken yn it Frysk
Stofsûgersjongers/stofzuigerzangers
2 maaie 2013Tongersdeitejûn 2 maaie presintearret Tsead Bruinja syn twatalige bondel Stofsûgersjongers/stofzuigerzangers mei etsen fan Mirka Farabegoli en muzyk fan Femke IJlstra by Perdu yn Amsterdam. Fierders is hy moandeitejûn 6 maaie by de VPRO Radio te belústerjen en tiisdeitejûn 7 maaie te gast by it VPRO radioprogramma De Avonden.
Kening fan Juster lokwinsket Kening fan Hjoed
30 april 2013De Kening fan Juster lokwinsket ús nije Kening fan Hjoed. Cartoon troch Paul van Dijk. Benijd nei it boek De Kening fan Juster? Bestel ’m gau!

Keninklike ûnderskieding foar lesjouwer Martsje Miedema
26 april 2013Afûk-lesjouwer Martsje Miedema hat op 26 april yn in feestlike gearkomste op it stedhûs yn Ljouwert in keninklike ûnderskieding krigen. Frou Miedema waard sa yn it sintsje setten fanwege har aktiviteiten foar de sportferiening foar minsken mei in handikap D.O.V., foar de kristlik –maatskiplike frouljusbeweging Passage en foar har ynset foar de Afûk. Frou Miedema is al mear as 40 jier lesjouwer en hat by de Afûk ek as frijwilliger yn ferskate bestjoeren en kommisjes aktyf west. Foto: Martsje Miedema riddere.
#Frysk trending topic: Fryske Twitterdei grut sukses!
19 april 2013De Twadde Fryske Twitterdei juster, wie wer in grut sukses. Om 10.00 oere moarns wie de hashtag #Frysk al ien fan 'e meast besprutsen ûnderwerpen op Twitter. Tûzenen twitterders ferstjoerden 9.403 unike tweets mei de hashtag #Frysk út mear as 25 lannen, fan Amearika oant Austraalje. Dêrneist is de hashtag #Frysk by sa'n seis miljoen minsken ûnder eagen kommen.
Neist in soad bekende Friezen en BN-ers, dienen der diskear ek in protte bedriuwen en ynstellings mei oan de Fryske Twitterdei, lykas it Fries Museum, it MCL, MeteoConsult, útstjoerburo's, skoallen en ferskate Fryske oerheden.
Sjoch ek op: www.praatmarfrysk.nl, www.lc.nlen tsjek it filmke.
Besjoch it nije kursusoanbod!
11 april 2013It kursusoanbod foar it kursusjier 2013-2014 stiet wer klear! Dus, wês der by en doch no einliks dy kursus Frysk lêzen, praten, srkiuwen dyt'st altyd alris dwaan woest. Opjaan foar 1 july 2013 jout ek nochris 10% koarting op it kursusjild en fan't jier is it ekstra feest, want alle kursisten krije by de start fan de kursus ek allegear nochris de 'Fryske aginda' kado (winkelpriis € 12,95). Wêrom? Omdat de Afûk fan't jier syn 85 jierrich jubileum hat!
Earste Fryske kroechkwis grut sukses!
8 april 2013Yn in útferkocht kafee De Hoeke yn Sint Nyk waard ôfrûne freed de alderearste Fryske Kroechkwis holden. Tolve teams striden yn twa rondes, in frageronde en in diktee, tsjinelkoar om úteinlik as team mei de minste flaters de earste Fryske Kroechkwis te winnen.
Lês mear hjiroer op www.praatmarfrysk.nl. Besjoch ek it filmke!
Thys Wadman wint Simke Kloosterman Priis 2013!
3 april 2013De sjuery is der út. De winner fan de Simke Kloosterman Priis 2013 is Thys Wadman foar syn prachtboek De oerwinnings fan Tido Houtsma.
Grut wie de konkurrinsje. Alle oarspronkelike, Frysktalige bern- en jeugdboeken út de jierren 2010, 2011 en 2012 binne beoardield troch in sjuery, foarme troch Alie Douma út Hitzum, Albertina Soepboer út Harns en Douwe Kootstra út Feanwâlden.
Skriuwer
Thys Wadman groeide op yn Snits, as soan fan it skriuwersechtpear Anne Wadman en Hylkje Goïnga. Hy folge de Pedagogyske Akademy yn Snits en wurket sûnt 1979 yn it basisûnderwiis, jierrenlang as skoaldirekteur yn Koudum, no yn Nijhoarne. Dêrneist hat Thys Wadman altyd tige aktyf west yn de muzyk. Omdat hy meiwurke oan de ûntwikkeling fan de taalmetoade Studio F foar it basisûnderwiis, kaam Thys Wadman ta it skriuwen fan ferhalen en gedichten foar âldere bern, dy't publisearre waarden yn de blêden Switsj en Linkk.
Dat resultearre úteinlik yn de ferhalebondel 'De oerwinnings fan Tido Houtsma’. By de taalmetoade skreau Wadman ek in lêsboek op it tema Natuer, De fûgelklup (2009) en yn 2011 skreau Wadman ferhalen by berneferskes fan Hindrik van der Meer. Dat boek, De bisteboel fan Omke Roel, wie yn 2011 it aksjeboek foar de Fryske berneboekwike.
Ynspiraasje hellet Wadman út wat er meimakke hat yn syn wurk op skoalle, mar ek de eigen jeugdûnderfinings spylje in rol.
Boek
Haadpersoan yn 'e koarte ferhalen is Tido, in gewoane skoaljonge dy’t yn ûngewoane situaasjes bedarret. De sjuery skriuwt yn in koarte typearring: Ynlibjend skreaun, ticht op' e hûd fan bern. Sterke analyze fan 'e wrâld. Moaie spanningsopbou mei gefoel foar humor.
It boek is prachtich útjûn troch de Afûk. De skriuwer woe perfoast gjin yllustraasjes, mar selsmakke foto's, moai bewurke troch Gerrit de Jong.
Bern wêze, dat liket sa leuk en sa maklik, mar it falt faak wier net ta. Der is altyd wol wat en Tido hat it der bytiden mar dreech mei. Want de dingen rinne by him gauris hiel oars as dat er earst tocht hie.
Op skoalle, mei de bern út ’e klas, of thús, mei syn heit en mem. Of op strjitte, mei syn freonen of as er nei muzykles moat. Meastentiids kin Tido der sels ek neat oan dwaan dat it allegearre oars rint. ‘As ik it net dwaan kin sa’t it moat, dan doch ik it dochs mar,’ seit er dan. En soms slagget dat! Dan is it in oerwinning. Mar ek as it hielendal misrint, dan kinst dat dochs noch wol in oerwinning neame. Ast wolst. Fynt Tido.
De Simke Kloosterman Priis 2013, besteande út in oarkonde en in bedrach fan € 3500,- sil op freed 24 maaie 2013 útrikt wurde oan Thys Wadman troch Deputearre Jannewietske de Vries yn 'e eardere Herfoarme tsjerke fan Twizel.
Boekgegevens
Thys Wadman, De oerwinnings fan Tido Houtsma
Utjûn troch de Afûk, Ljouwert [2010]
ISBN: 978 90 6273 847 2
159 siden, ferkeappriis: 14,95 euro
de Moanne nr. 2: spesjal oer de Noorder Compagnie
21 maart 2013Hy is der wer, de Moanne. Diskear in special oer toanielselskip de Noorder Compagnie. In prachtich nûmer! No te keap yn 'e boekhannel.
