Hawwe jo in taalfraach of wolle jo wat neisjen of oersette litte?
Dan kinne jo fansels by de Afûk terjochte!
It jaan fan taaladvys, it neisjen fan koarte teksten of it letterlik oersetten fan in pear wurdsjes is fergees.
Foar it neisjen of oersetten fan gruttere stikken tekst freegje wy in fergoeding. Foar ynformaasje oer tariven en betingsten kinne jo kontakt mei ús opnimme.
E-mail: ynfo@afuk.nl
Telefoan: 058-2343070
Op de startpagina fan dizze website fine jo ek in online wurdboek dêr't jo de measte Fryske of Nederlânske wurden oersette litte kinne. It wurdboek is ek beskikber as applikaasje foar jo smartphone of foar jo website. Sjoch dêrfoar op Wat Wurd It fan Praat mar Frysk

