header_0

Heit en mem

It twatalige tydskrift Heit en Mem is foar alle heiten en memmen yn Fryslân mei bern fan 0 oant 12 jier. Heit en Mem is fergees te krijen by boekhannels, bibleteken, gemeentehuzen en yn oare iepenbiere romten en ferskynt 3 kear jiers yn in oplage fan 35.000 eksimplaren.

Neist it tydskrift hat Heit en Mem ek in webside: HeitenMem.nl, mei ynformaasje oer it opfieden fan bern, yn ferwachting wêze en meartalich grutbringen. Foar bertegedichtsjes of in leuke Fryske namme kinne jo dêr ek terjochte. De website hat alle dagen sa'n 500 unike besikers.

Advertearje op de website is ek mooglik. Sjoch ris op HeitenMem.nl.

Heit en Mem is ek te folgjen op Twitter, Facebook en Hyves!

Mear ynformaasje? Nim kontakt op mei Ciska Noordmans c.noordmans@afuk.nl of Dieuwke van der Meer - Posthumus: d.posthumus@afuk.nl

De betelpagina wurdt laden