Algemiene ynformaasje eksamens
De leargongen A (ek de nije koarte kursus Frysk skriuwen nije styl: Praat mar Frysk nei it ôfrûnjen fan it twadde part fan dy kursus) B, C, Afûk-akte, didaktysk foech en Frysk yn it offisjele ferkear kinne jo ôfslute mei in eksamen. It eksamenjild is € 52,00 en foar de Afûk-akte € 77,50. It eksamenjild foar it didaktysk foech is by it kursusjild ynbegrepen. Wy soargje derfoar dat jo yntiids ynformearre wurde oer de eksamens. Dielnimmen oan it eksamen is net ferplichte.
Eksamenopdrachten en útslaggen
Nei ôfrin fan de eksamens kinne jo de eksamenopjeften en de antwurden op ynternet fine. En as de eksamen-kommisje de útslaggen fêststeld hat, kinne jo hjir neigean oft jo slagge binne. Ek âldere eksamens (en antwurden) kinne jo by de 'eksamenopjeften en antwurden' fine.




