Freemwurk
Foar it middelber ûnderwiis ûntwikkelet de Afûk in eigen ynternetomjouwing: Freemwurk.nl. It is in site dy’t in dosint in soad romte jout om lessen op maat te meitsjen foar de learlingen. Learlingen leare op Freemwurk.nl net allinne Frysk yn ‘e foarm fan teksten en oefeningen, mar se kinne ek games dwaan om in basiswurdskat te learen. Fierders makket elke learling diel út fan it sosjale netwurk fan freemwurk.nl en kinne se in freonegroep opbouwe op Freemwurk.nl.
Yn it kursusjier 2011-2012 hawwe goed 3600 learlingen in account oanmakke.
Mear ynformaasje? Nim kontakt op mei Willy van der Meer: w.vandermeer@afuk.nl



