header_0

Online Frysk leare op eduFrysk

Net elkenien hat de mooglikheid om nei in kursus te gean om it Frysk te learen. Dêrom is eduFrysk opset om in kursus Frysk oan te bieden op ynternet. Selsstannich, yn eigen tiid en eigen tempo it Frysk leare.

eduFrysk is geskikt foar Frysktaligen en net-Frysktaligen. Begjinners dy't noch noait it Frysk heard hawwe, kinne op eduFrysk te plak, mar ek ast it Frysk wat ûnderhâlde wolst is eduFrysk wat foar dy.

It skriuwen kin maklik leard wurde troch diktees dy't automatysk neisjoen wurde. Dêrneist binne der in soad leuke teksten te finen dy't allegear ynsprutsen binne. It lêzen en ferstean kin dermei goed oefene wurde. Troch de útspraakoefeningen kin ek de útspraak leard wurde. Foar elk wat wils dus.

Sjoch ris op: www.edufrysk.nl

Wurd ek freon op Facebook en Twitter

Mear ynformaasje? Nim kontakt op mei Willy van der Meer: w.vandermeer@afuk.nl

De betelpagina wurdt laden