header_0

Dat wie doe sa

Aktiviteitebegelieders organisearje ferskate aktiviteiten foar bewenners fan soarchsintra, sawol ûntspannings- as terapeutyske aktiviteiten. Talige aktiviteiten (foarlêze, fertelle, libbensferhalen, lêsgroepkes) foarmje in hieltyd wichtiger elemint. By reminisinsje spylje sawol taal, byld as muzyk fan eartiids in wichtige rol.
It projekt Dat wie doe sa is bedoeld foar aktiviteitebegelieders en frijwilligers yn soarchsintra, mar likegoed gaadlik foar gebrûk bûten de âldereintehuzen.

De produkten prikelje âlderein ta in reaksje. Ferhaaltsjes, gedichten, foto’s, fideo’s en muzyk beljochtsje it ûnderwerp fan alle kanten en jouwe oanlieding ta reaksjes en ferhalen.

Op de sympoasia, dy’t jierliks organisearre wurde, ynformearje wy aktiviteitebegelieders, bibleteekmeiwurkers en oare belangstellenden oer it nut en belang fan foarlêzen, it sjen nei bylden, it beharkjen fan muzyk en it fertellen oan de âlderein. It harkjen nei de ferhalen fan de âlderein sels is ek wichtich: it jout harren in goed gefoel! Yn de masterklassen wurdt ek oanjûn wêr't geskikt materiaal te krijen is.

Sjoch ek ris op www.datwiedoesa foar allerhanne materialen, lykas ferhalen, gedichten en ferskes.

Mear ynformaasje? Nim kontakt op mei Fokke Jagersma: f.jagersma@afuk.nl of Lineke Kuiper: l.kuiper@afuk.nl

De betelpagina wurdt laden