O O O O O

Hoe fyn ik in kursus

Voor informatie over cursussen voor niet-Friestaligen kiest u rechtsboven voor taal 'Nederlands'.

By de Afûk fine jo altyd in kursus Frysk dy’t by jo past
By de Afûk kinne jo kursussen folgje om it skriuwen te learen en de algemiene kennis fan de taal grutter te meitsjen. Jo kinne in mûnlinge of skriftlike kursus folgje of leare fia ynternet op www.edufrysk.nl. Koarte kursussen en lange kursussen, kursussen foar partikulieren mar ek foar bedriuwen en ynstellings (sjoch Frysk op de wurkflier).

Hoe fyn ik in kursus?
Yn it 'oersjoch kursussen' fine jo alle kursussen fan de Afûk op in rychje. Dus, kursussen foar Frysktaligen om bygelyks it skriuwen te learen en kursussen foar net-Frysktaligen om it ferstean, lêzen en/of praten te learen.

Jo sjogge de namme fan de kursus, it kursusjild en in koarte omskriuwing. Wolle jo mear oer in kursus witte, yn hokker kursusplakken de kursus jûn wurdt of op hokker dagen? Dan klikke jo op de tekst 'mear ynformaasje en opjaan'. Wolle jo werom nei it oersjoch, dan klikke jo op 'oersjoch kursussen' yn 'e menubalke oan 'e linkerkant.

By alle kursussen stiet oanjûn wat jo fan de kursus ferwachtsje kinne en foar wa’t de kursus geskikt is. Hawwe jo fragen of binne jo net wis oer it nivo, dan kinne jo fansels altyd in mail stjoere nei Jettina Valk fan de kursusorganisaasje, of belje nei telefoannûmer 058-2343079.

10% koarting op it kursusjild
By oanmelding foar 1 july 2013 krije jo 10% koarting op it kursusjild. Dy koarting jildt net foar eduFrysk, skriftlike of bedriuwskursussen (in company) en is net jildich yn kombinaasje mei oare koartingsregelings.

Fryske aginda fergees
De Afûk fiert yn 2013 syn 85-jierrich bestean. Dêrom ûntfange jo fan ús by it úteinsetten fan in kursus de 'Fryske Aginda 2014', mei in wearde fan €12,95, hielendal fergees.

De betelpagina wurdt laden